De Bloody Mary

Spile yn jannewaris 2009

As kapitein Rein en syn stjoerman Brant har âlde frachtskip de "Bloody Mary", omboud litten ha ta cruiseskip, tinke se dat se op dy manier fluch in soad jild fertsjinje kinne. De "Bloody Mary" sil in cruise meitsje lâns de moaiste plakjes fan de Middellânske see. Fansels giet it oars as de kapitein it yn it sin hie. It docht blyken dat alle passazjiers, en ek de "Bloody Mary" sels, net binne sa as jo tinke soene.

Folder   Ploech