In keardel ut ien stik

Spile yn jannewaris 1989

In baronesse is sa slij nei āldheden en antyk, dat se hat har in byld meitsje litten fan har grutte favoryt: NAPOLEON. It byld komt thśs yn in mānske kiste. Mar it folk lit de kiste by it ynsjouwen en te plak bringen miterje en Napoleon leit oan gruzeleminten. Būten de faam en de feint wit gjinien der op it stuit noch fan en om tiid te winnen dat it wer wat yn 'e heakken set wurde kin, docht de hśsfeint de klean fan Napoleon oan en giet sa op 'e sokkel stean, dy't foar it byld ornearre wie. De faam moat it no sa sjen te stjoeren dat de oaren it net fernimme en dat jout fansels gāns brike komplikaasjes en frjemde sitewaasjes. De baron en syn kammeraat, dy't beide slim ūnder it plak sitte, meitsje fan de gelegenheid gebrūk om har gesach werom te krijen en de ein fan it liet is dat der twa gelokkige pearkes ūnder it personeel fan oerbliuwe.