As de iel rint

Spile yn jannewaris 1986

Trije broers, fiskerlju, hawwe in kafeetsje urven en binne no om bar kastlein. Mar it kafee groeit oer fan smoargens en de postrinster wiist der harren op, dat dit net sa bliuwe kin. Der moat in frou komme om de boel skjin te hlden. Lang om let wurde hja it iens: der sil in houliksadvertinsje set wurde en de jongste moat dan mar trouwe. In muoikesizzer fan de postrinster komt by har tfanhs en biedt oan, it spul ris goed te hoffenjen. Op it advertinsje komt in "dame" t 'e std f, dy't it om in noai libbentsje te rden is. Dat de jongste fan de bruorren hat it net op har stean en de kandidate rekket suver wat nuver ta de doar t. De broers sjogge elk foar oar niget oan de skjinne taapkeamer en ek oan.... Lyske, de muoikesizzer fan de postrinster. Ja, it komt sels safier, dat de beide ldsten har om bar freegje mei har te trouwen. Mar Lyske seit hja hat al in oarenien. Dy oare is de jongste broer, mar dy hat neat yn 'e gaten en as dat al safier komt, doart er har net te freegjen. Dan komt de "dame" t 'e std nochris wer, no mei in advokaat, om te besykjen der by de broers noch wat smertejild t te slepen. Mar dat mislearret troch in snoade set fan de postrinster. Hawar: oan 'e ein reitsje Lyske en de jongste broer doch noch oan inoar en krije de trije manlju in frou yn 'e hs.