Net te beteljen sa'n leadjitter

Spile yn jannewaris 2012

It rint net alhiel noflik yn it houlik fan Wibe Willems Westra en syn frou Lysbeth. Lysbeth wol fansels net dat dat de dyk oer giet. Krekt as Westra nei omke Durk in Australie sil om syn houlik wat romte to jaan, komt omke Durk nei Fryslân om syn erfenis te ferdielen. Doch der in toeke dochter, in bekstik fan in tsjinstfaam, in knypert fan in moike, in sûch fan in omke en in nuvere leadjitter mei syn aparte wiif by en dit blijspul wurdt omtrint in klucht.

Affysje   Folder   Ploech