De erfenis fan muoike Bella

Spile yn jannewaris 2017

De muoike fan Albert en Berend is ferstoarn, Albert en Berend ha hjir net folle fertriet fan, want in bân mei muoike hiene se net. Sterker noch, eins binne se der wol bliid om want no kinne se ommers erve! Dy erfenis bestiet út in wat yn ferfal rekke beauty salon. Berend is der fan oertsjûge dat dizze salon mei in kwast ferve en in lytse ferbouwing foar in protte jild te ferkeapjen is. De salon soe ûnder de ferbouwing eins gewoan troch draaie moatte, want oars rinne de klanten ommers fuort. Mar binne der wol klanten? En is der wol persoaniel? Hokfoar swirrichheden sille de beide broers noch mear tsjinoan rinne?

Affysje   Folder   Groepsfoto   Ploech