Susters yn Saken

Spile yn jannewaris 2011

It kleaster fan mem oerste en de susters Agaath, Klara en Francisca sit yn jildpine. It sjocht der sels nei út dat meikoarten it kleaster fallyt gean sil. Aartsbiskop Siemelink, dy’t elts jier in wike yn it kleaster komt om út te rêsten, is dan ek fan doel it kleaster te ferkeapjen. De bychtfaar en freon fan de susters, Pastor Breukelmans, kin tsjin dizze snoade plannen neat ynbringe en grypt mar wer nei de miswyn. Sakeman Guus Jongeneel hat grutte plannen mei it kleaster. Syn plannen falle al gau yn ’e smaak by de susters, mar steane de aartsbiskop lykwols net nei de miter. As dan ek noch Rianne it kleaster ynflechtet, om’t se efternei sitten wurdt troch drugsdealers, is de klucht kompleet.

Affysje   Folder   Ploech