In gekkehus in 't sikehus

Spile yn jannewaris 2019

It is in gaos yn it sikehûs. Troch te min plak - fanwege in ferbouwing - wurdt seal 13 yn gebrûk nommen. In ferâldere hok wêr ´t gjin fasiliteiten binne. De iene nei de oare ferpleechkundige meldt him siik en suster Riny moat har sjen te rêden mei in wat froulik oandwaande broeder Ernst - Paul en de sullige, âlde en trage suster Bep. Ut need freget se de beide skjinmaksters, Janny en Ilona, har te helpen as ferpleechsters. Dan rint de seal fol mei pasjinten. Cohen komt krekt fan de OK, Kuperus hat in bulte noaten op´e sang en Frou Visser is wol leaf mar sa doof as in kwartel. Gelokkich docht dokter Bouwer mei regelmaat in rûntsje oer seal 13 mar oft de pasjinten dêr no safolle better van wurde...?

Affysje   Folder   Ploech