DE BLOST FAN BÛTENPOST

fan: Tjalke Stoelwinder

Spile yn jannewaris 2023

Eltsenien ken der fêst wol ien. Sa'n blost dy´t mient dat er alles is en noch nea in slach ferlern hat. Ruurd Koopmans seit, ja dat stiet der goed, SEIT dat hy kampioen yn boksen is, mar foar it kampioenskip ligen en bedrigen komt hy earder yn oanmerking. Syn sweager Ingelbert, in suertsje sûnder kont yn de broek, sjocht mar bot tsjin him op. Ingelbert hat yn syn houlik de moedfearren al lang hingjen litten. Hy hat dan ek neat yn te bringen by Alberta. In bekstik dy´t de mûle altyd oant de earen ta iepen hat. Wannear't Ruurd Ingelbert yn betrouwen nimt en syn geheim ferklapt geane ek Ingelbert de eagen iepen. En ien gek makket mear gekken. Soenen de mannen dit wol foarelkoar bokse sûnder dat der echte klappen falle? Soenen se wol genôch rekken hâlde mei harren tsjinstanders. Skoanmem Gryt is gjin swiergewicht mar wol in gefaar. Har sprekwurden slaan mannichien knock-out. As komt it gefaar faaks wol út in oare hoeke?

Ruurd KoopmansNico de Lange
Jantina KoopmansHennie de Jong
Berty KoopmansTineke Bos
Lisa KoopmansJapke Zonneveld
GrytMinke van der Veen
IngelbertFonger Altenburg
AlbertaBetty Jonkman
Rudy KoopmansRemko Ploegstra
  
RezjyJenny van der Werf
YnstekkerAnneke Boersma
GrimeJenny van der Werf
 Silvia Zoetendal
Ljocht en lûdGerm van der Weg
 Jan de Jong
 Jouke de Jong
DekôrOane van der Werf
 Erik Muizelaar
 Klaas Schuurman
folder   affysje   groepsfoto   fotos   downloads