It kin de master misse

Spile yn jannewaris 1995

Bonne Haringsma rekket om syn sūnens śt it wurk en kin dy oergong min fertarre. Syn frou riedt him oan ris wat te skriuwen. Dat besiket er en it slagget him inkele boeken śtjūn te krijen. Tsjin de tiid fan de Steateferkiezings komme der in pear partijlju by him en biede him oan listlūker fan harren partij te wurden. Hy wol der earst neat fan witte, mar dy lju lizze de line sa tūk om it hea dat er śteinlik taseit. It is in partij dy't Fryslān foar de Friezen hālde wol en by harren falle b.g. būtenlanners en kleurlingen būten it skip. Bonne giet hjir safier yn mei dat de frou en de bern gjin oandacht mear krije. Hy wurdt fan mear as ien kant warskōge dat er op it rasistyske paad belānet, mar om'e nocht. It komt safier dat er syn soan de doar wiist omdat dy jūn op jūn te sprekken giet tsjin de partij, dźr't syn heit foar krewearret. By de ferkiezings giet Bonne syn partij kopke-ūnder. Troch skea en skande wiis wurden begjint Bonne yn te sjen dat er him troch in pear ālde skoalmaten beynfloedzje litten hat. Krekt foardat de hśshālding alhiel śtinoar falt, komt er ta ynkear en kin de skuor noch lime wurde.