Snoepy Haaibaai
fan: Hans Joachim Preil
oersetten troch: Sjoerd Palstra (Ja zo'n man ben ik)
Spile yn jannewaris 2000
Wytske Bouma moetet op in moadebeurs yn Düsseldorf in earder kammeraatske, dy´t ek yn it moadefak sit. Tegearre reizgje se werom, in dei earder as dat Douwe Bouma syn Wytske thús ferwachtet. Wytske jout wakker op fan Douwe, mar de krekt skieden Sia seit, dat gjin inkele man it by ien frou hâldt. Om Douwe te testen komme se oerien de mûs op it spek te binen. Wytske giet nei Sia´s flat en Sia skillet even letter by Douwe oan as freondinne fan Wytske, dy´t gjin hotelkeamer fine kin. Douwe skillet de hiele Gouden Gids troch, mar it slagget ek him net in gaadlik plak foar Sia te finen. No kin Sia útein sette mei har ferliedingskeunsten om Douwe op´e proef te stellen. It seit himsels dat der in soad brike sitewaasjes ûntsteane, mar Douwe hâldt hoek. As Wytske de oare moarns thúskomt moat Sia bekenne dat Douwe in snoepy fan in man is. Sy komt der minder ôf, Douwe fynt har in haaibaar fan in frommes. In alderaardichst blijspul.
Douwe Bouma | Fonger Altenburg |
Wytske Bouma | Betty Wind |
Fokko Brandenburch | Durk Zondervan |
Sita Lautenbach | Cisca Nijholt |
Wouter Baarsma | Jan Zijlstra |
Gysbert | Jan Zijlstra |
Tineke Baarsma | Hennie de Jong |
Rezjy | Jenny van der Werf |
Ynstekker | Geartsje Pekema |
Grime | Mirjan Agricola |