It kin de master misse
fan: Gerrit Meter
Spile yn jannewaris 1995
Bonne Haringsma rekket om syn sûnens út it wurk en kin dy oergong min fertarre. Syn frou riedt him oan ris wat te skriuwen. Dat besiket er en it slagget him inkele boeken útjûn te krijen. Tsjin de tiid fan de Steateferkiezings komme der in pear partijlju by him en biede him oan listlûker fan harren partij te wurden. Hy wol der earst neat fan witte, mar dy lju lizze de line sa tûk om it hea dat er úteinlik taseit. It is in partij dy't Fryslân foar de Friezen hâlde wol en by harren falle b.g. bûtenlanners en kleurlingen bûten it skip. Bonne giet hjir safier yn mei dat de frou en de bern gjin oandacht mear krije. Hy wurdt fan mear as ien kant warskôge dat er op it rasistyske paad belânet, mar om'e nocht. It komt safier dat er syn soan de doar wiist omdat dy jûn op jûn te sprekken giet tsjin de partij, dêr't syn heit foar krewearret. By de ferkiezings giet Bonne syn partij kopke-ûnder. Troch skea en skande wiis wurden begjint Bonne yn te sjen dat er him troch in pear âlde skoalmaten beynfloedzje litten hat. Krekt foardat de húshâlding alhiel útinoar falt, komt er ta ynkear en kin de skuor noch lime wurde.
Joast Zonneveld | |
Fonger Altenburg | |
Jan Zijlstra | |
Jelle Krikke | |
Geartsje Pekema | |
Jeltsje Hulzinga | |
Niko Boersma | |
Cisca Nijholt | |
Rezjy | Lammert Pijlman |
Ynstekker | Jenny van der Werf |
Grime | Mirjan Agricola |