Durk sjit mei spek

fan: Pyt de Vries

Spile yn jannewaris 1993

Durk Boarsma hat in nij hûs kocht en wat foar in hûs! Op in daalders plak oan'e mar en dat foar mar in hiel lyts bytsje jild. Min soe hast sizze dat spul hat lûzen. As jimme komme te sjen binne Durk en syn frou Berber mei harren dochters Hinke en Wiep drok oan it slepen mei harren hûsrie om harren yn it nije hûs te wenjen te setten. Siebe de freon fan Hinke skrept ek om raak mei. As dan Oege de postrinner by harren del komt begjint it gedonder. Oege liket sa op it eartse each net ien fan'e snoadsten mar der kinne jo je mâl yn fersinne. Hy stjoerd de plannen fan Durk mal yn'e hobbel en as dan as in dûveltsje ût in doaske Beitske mei de holle om'e hoeke komt binne de rapen alhiel gear. Wat hat Durk eins kocht?

 Joast Zonneveld
 Geartsje Bijlsma
 Lammy Agema
 Jan Zijlstra
 Geartsje Pekema
 Betty Wind
 Niko Boersma
  
RezjyLammert Pijlman
YnstekkerJelle Oord
GrimeMirjan Agricola