Foar in frou op'e rin

fan: Bernard Bruinhof
oersetten troch: Alle G. Hof   (Het zal je gast maar wezen)

Spile yn jannewaris 1992

Willem Brander is in frijfeint, dy´t in doarpshoteltsje driuwt. Hy hat as gasten: in keunstskilder en in kreaze jongfaam. As it stik begjint komme der as gasten oan: heit, mem en dochter Pfaff, trije tige aparte typen. Justjes letter komt der yn panyk in jongfeint ynstowen, dy´t seit dat er troch in frommes achternei sitten wurdt. Brander biedt him oan by him ûnder te dûken en foar de wissichheid syn uterlik sa te feroarjen dat er op in omkesizzer fan him liket. Men kriget mei persoansferwikseling te meitsjen en dêrtroch barre safolle wederwaardichheden dat it suver hast net beskreaun wurde kin. Oft alles komt sa as men ferwachtsje mei? Dy fraach hâldt oan´e ein ta de spanning fêst.