As de iel rint
fan: Christof Wehking
oersetten troch: Rense Westra (Eine Frau für den Klabautermann)
Spile yn febrewaris 1986
Trije broers, fiskerlju, hawwe in kafeetsje urven en binne no om bar kastlein. Mar it kafee groeit oer fan smoargens en de postrinster wiist der harren op, dat dit net sa bliuwe kin. Der moat in frou komme om de boel skjin te hâlden. Lang om let wurde hja it iens: der sil in houliksadvertinsje set wurde en de jongste moat dan mar trouwe. In muoikesizzer fan de postrinster komt by har útfanhûs en biedt oan, it spul ris goed te hoffenjen. Op it advertinsje komt in "dame" út 'e stêd ôf, dy´t it om in noai libbentsje te rêden is. Dat de jongste fan de bruorren hat it net op har stean en de kandidate rekket suver wat nuver ta de doar út. De broers sjogge elk foar oar niget oan de skjinne taapkeamer en ek oan.... Lyske, de muoikesizzer fan de postrinster. Ja, it komt sels safier, dat de beide âldsten har om bar freegje mei har te trouwen. Mar Lyske seit hja hat al in oarenien. Dy oare is de jongste broer, mar dy hat neat yn ´e gaten en as dat al safier komt, doart er har net te freegjen. Dan komt de "dame" út ´e stêd nochris wer, no mei in advokaat, om te besykjen der by de broers noch wat smertejild út te slepen. Mar dat mislearret troch in snoade set fan de postrinster. Hawar: oan ´e ein reitsje Lyske en de jongste broer doch noch oan inoar en krije de trije manlju in frou yn ´e hûs.
Joast Zonneveld | |
Wiep Minnesma | |
Lammy Toering | |
Thijs de Jong | |
Geartsje Bijlsma | |
Ypie Holtrop | |
Jan Zijlstra | |
Rezjy | Fonger Altenburg |
Ynstekker | Rintsje de Vries |
Grime | Kapper Siebinga |