In rits te fier

fan: Jon van Eerd
oersetten troch: Baukje Stavinga   (Een rits te ver)

Spile yn jannewaris 2020

Eigner fan kamping "De Wielewaal" Harrie Vermeulen wurdt konfrontearre mei in grutte kontrôle troch de gemeente. Negative ferhalen binne yn de omloop rekke en no wurdt Harrie fertocht fan it net neilibjen fan de foarskriften. Mei help fan syn dochter Lies en harren Sjineeske help Lang Leng Hop is Harrie dwaande de kamping ynoarder te meitsjen foar´t de ynspekteur oankomt. It is nochal drok op de kamping. Sa binne dêr Norbert in sinnige ornitolooch, Jasper in jonge man mei dûbele aginda, Maya in ûnmooglik kring fan in frou en Karin in út de hichte dwaand frommes, wêrtroch´t Harrie net wis is wa´t no krekt de ynspekteur is. Troch tal fan misferstannen wurdt dizze komeedzje in echte klucht.

Harrie Vermeulen (kamping eigner)Nico de Lange
Lies Vermeulen (syn dochter)Japke Zonneveld
Lang Leng Hop (harren Sjineeske help )Tineke Bos
Maya Hak (in ûnmooglik kring fan in frou)Minke van der Veen
Norbert Leis (ornitolooch)Fonger Altenburg
Jasper Leis (syn soan)Alwin Hoekstra
Karin van Kralingen (ynspekteur fan de gemeente)Betty Jonkman
  
RezjyJenny van der Werf
YnstekkerAnneke Boersma
GrimeJenny van der Werf
 Cisca Nijholt
Ljocht en lûdWouter Schaap
 Germ van der Weg
DekôrOane van der Werf
 Erik Muizelaar
 Klaas Schuurman
folder   affysje   groepsfoto   fotos   downloads