Soarchbot 2.0
fan: Henk Roede
oersetten troch: Roel Klijnstra (Zorgbot 2.0)
Spile yn jannewaris 2026
Hans en Annie wenje noch wol selsstannich, mar hawwe wol ekstra soarch nedich. Mar it soarchstelsel pipet en kreaket ûnder de hieltyd greatere fraach en hegere kosten. Sadwaande hat de soarch-ynstelling “De Helpende Hand” der foar keazen om it fan no ôf hiel oars te dwaan. Direktrise Cora de Vries hat besletten SoarchBot 2.0 fan technysk bedriuw Bottechnics as eksperimint yn te setten. It doel hjirfan is dat de robot sawol húshâldlike as ek soarchtaken oernimt. Dochter Floor is al lang bliid dat se sa fan har ferantwurdlikens as mantelsoarchster ôf komt. Jasper Aventoer fan it team saakkundigen hâld it tafersjoch en ek dokter Kees Jansen komt geregeld del. De buorlju Peter en Thea besjogge mei jaloerskens en argewaasje de soarch dy’ t de bourlju wol, mar sy net krije. Sy hawwe likegoed ek harren krupsjes en kwalen. Thússoarch meiwurkster Nina van de Akker hat sa har eigen betinkingen by it eksperimint. No hat se it noch wol fiersten te drok mei har wurk, mar is der aanst noch wol wurk? Al mei al in eksperimint wêrby’t it noch te besjen falt oft it slagje sil.
| Hans van Dam | Nico de Lange |
| Annie van Dam | Minke van der Veen |
| Floor van Dam | Meintsje Agema |
| Soarchbot 2.0 | Japke Zonneveld |
| Cora de Vries | Silvia Zoetendal |
| Jasper Aventoer | Alwin Hoekstra |
| Peter de Koning | Fonger Altenburg |
| Thea de Koning | Hennie de Jong |
| Kees Jansen | Remko Ploegstra |
| Nina van de Akker | Tineke Bos |
| Rezjy | Ypie Holtrop |
| Ynstekker | Antsje Holtrop |
| Grime | Jenny van der Werf |
| Silvia Zoetendal | |
| Ljocht en lûd | Jurjen Bos |
| Sven Drost | |
| Dekôr | Oane van der Werf |
| Erik Muizelaar | |
| Rene Agema |